Lykspul foar SC Hearrenfean

15 okt 2011 - 23:01
  • Oussama Assaidi yn aksje (foto: awfoto.nl)
  • Zomer en Elm fan Hearrenfean (foto: awfoto.nl)

SC Hearrenfean is der net yn slagge om fan De Graafschap te winnen. De wedstriid einige yn 1-1. Hearrenfean wie 90 minuten lang de boppelizzende partij, mar kaam mar ien kear ta skoaren. Of sa as trainer Ron Jans it sei: "Het was ploeteren vandaag."

Sven Kums soarge yn de 41e minút foar de iepeningstreffer. De freugde duorre mar trije minuten, want doe kopte Michael de Leeuw de lykmakker tsjin de touwen nei knullich optreden fan de ferdigening fan SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)