Lykspul foar Jong Hearrenfean

19 okt 2004 - 11:48

Jong Hearrenfean spile moandeitejûn yn it Abe Lenstrastadion tsjin Jong Feyenoord. De 7500 taskôgers seagen gjin doelpunten. Mei dy 0-0 krige de thúsklup te min. Yn de earste helte kaam in Hearrenfeanspiler trije kear allinnich foar de keeper, mar de kânsen waarden net fersulvere.

Jong Cambuur ferlear moandei yn Ljouwert mei 2-4 fan de beloften fan AZ. It wie it earste thúsferlies fan de Ljouwerters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)