Lykspul foar Heerenveen by Ajax

29 okt 2005 - 16:23

Heerenveen hat freed yn de Amsterdam Arena mei 0-0 gelykspile tsjin Ajax. In resultaat dêr't trener Verbeek tefreden mei wie.

Ajax wie de earste helte dominant, mar wist net te skoaren. De twadde helte kaam Heerenveen der mear út en krige de ploech wat kânskes. Huntelaar miste lykwols in goede kâns. "Ferdedigjend giet it in stik better as yn it begjin fan de kompetysje," sa stelde trener Verbeek nei ôfrin fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)