Lykspul foar Harkemase Boys

31 mrt 2007 - 17:01
  • Tony Alberda skeat de Boys fan de strafskopstip ôf

Harkemase Boys hat sneon mei 1-1 lykspile tsjin Go Ahead Kampen. Nei in healoere skeat Tony Alberda de Boys fan de strafskopstip ôf op foarsprong. Yn de twadde helte hie Harkemase Boys dien wurk meitsje moatten, mar dat slagge net.

Ynstee dêrfan kaam Go Ahead Kampen werom yn de wedstriid. Lury Da Silva miste noch in grutte kâns, mar Michiel Kuipers makke der wol 1-1 fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)