Lykspul foar Drachtster Boys

19 apr 2014 - 16:56
  • Trainer Fred de Boer fan Drachtster Boys

Drachtster Boys hat sneon mei 0-0 lykspile by AZSV. Yn Aalten holden de ploegen inoar yn de earste helte yn lykwicht. Sawol de Drachtsters as de Achterhoekers wisten lykwols net ta skoaren te kommen. Ek yn de twadde helte hie gjin fan beide ploegen it winnende skot op 'e skoech, wêrtrocht't de begjinstân ek de einstân waard.

De ploech fan trainer Fred de Boer komt troch it lykspul op 29 punten út 24 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)