Lykspul foar Cambuur yn oefenwedstriid tsjin De Graafschap

11 jan 2015 - 16:43
  • Furdjel Narsingh
  • Erik Bakker

Sportklup Cambuur kaam snein yn de oefenwedstriid tsjin De Graafschap net fierder as in 2-2 lykspul. Op eigen fjild pakten de Ljouwerters nei in lyts healoere de foarsprong. Erik Bakker fersulvere in strafskop. Op slach fan rêst kaam De Graafschap op 1-1 troch in kopbal fan Vincent Vermeij.

Fuort nei rêst soarge Michiel Hemmen op 'e nij foar de Ljouwerter foarsprong. Foar de twadde kear wie it Vermeij, dy't yn de 65e minút de lykmakker makke. Vytas en Pereira hienen beide de tredde Ljouwerter treffer op 'e skoech, mar fersommen te skoaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)