Lykspul foar Cambuur

01 apr 2001 - 00:00

Cambuur hat de wedstriid tsjin Heracles sneon mei 1-1 gelyk spile. Al nei sân minuten kaam de besykjende ploech út Almelo op foarsprong troch in goal fan Speijer. Foar de Ljouwerters makke Bruin yn de 26e minút de gelykmakker.

Fanwegen in stjit mei de earmtakke moast Echteld fan Heracles al nei in healoere it fjild ôf. Cambuurspilers Goudmijn en Durmusoglu krigen beide in giele kaart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)