Lykspul foar Avanti

10 sep 2011 - 15:22

De sealfuotballers fan Avanti/Posthuma út Stiens hawwe freed yn harren earste kompetysjeduel fan it nije seizoen lyk spile. Yn de topdivyzje spile de ploech fan trainers Lieuwe van der Wijk en Jos Alkema mei 5-5 lyk tsjin LZV Kuypers H&W út Lichtenvoorde. Lang like de Fryske klup in oerwinning te beheljen, mar fiif minuten foar tiid waard in 5-3 foarsprong út hannen jûn.

Moandei spilet Avanti yn de beker tsjin Volendam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)