Lykspul en winst yn haadklasse

20 mrt 2005 - 14:21

De Harkemase Boys ha yn de topper tsjin koprinner Excelsior '31 mei 2-2 lyk spile. De ploech út Rijssen kaam mei 1-0 foar, mar binnen seis minuten makken Anton Jongsma en Sander Hartman der 1-2 fan. Twa minuten letter wie de stân wer gelyk. De Harkemase Boys stiigje no nei in dield twadde plak.

ONS Snits pakte trije wichtige punten tsjin ASV Dronten. De Snitsers wûnen maklik mei 3-0, wêrtroch de ploech no njoggende stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)