Lykspul Cambuur tsjin Plymouth

22 jul 2010 - 22:06

SC Cambuur hat tongersdei yn Frjentsjer de oefenwedstriid tsjin it Ingelske Plymouth Argyle mei 3-3 lyk spile. Plymouth Argyle countere yn it earste oere nei in 3-0 foarsprong.

It wienen de wikselspilers dy't Cambuur wer yn de wedstriid brochten. Tusken de 70e en de 81e minút wist Cambuur trije goals te meitsjen. Reza Ghoochannejhad (twa kear) en Robert van Boxel wienen de doelpuntemakkers. Danny Guyt kaam foar it earst dizze oefenperioade wer oan spyljen ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)