Lyklema yn desimber wer better

07 nov 2006 - 11:27

Boargemaster Lyklema fan Achtkarspelen giet mei yngong fan 1 desimber wer oan it wurk. De boargemaster krige mids septimber in hertoanfal en sit sûnt dy tiid siik thús. Mar it herstel giet goed.

Kollega Cazemier fan Dongeradiel is Lyklema syn tydlike ferfanger. Hy soe de riedsgearkomsten yn Achtkarspelen foarsitte. Dy binne tagelyk mei dy yn syn eigen gemeente en dêrom komt dêr yn de praktyk neat fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)