Lykhûnen ynset by syktocht man

19 jan 2006 - 17:06

De plysje sil spesjale lykhûnen ynsette by de syktocht nei de Lemster dy't sûnt ferline wike fermist wurdt. De man (28) wie doe oan it wurk op kamping Scharsterrijn yn Boarnsweach. Hy kaam net werom doe't er nei it húske moast.

De lykhûnen binne traind op it rûken fan lykgeuren. De bisten sille op boatsjes oer it wetter farre om sa de Lemster te finen. Juster hat provinsjale wettersteat noch oan it sykjen west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)