Lyk spul Jong Hearrenfean

29 mrt 2010 - 22:29

Jong Hearrenfean/Emmen hat mei 3-3 lyk spile tsjin Jong FC Twente. Yn stadion De Meerdijk yn Emmen kaam de thúsploech troch Arnor Smárason op foarsprong. Foar de Yslanner in moai begjin, want hy makke syn earste spylminuten fan it seizoen. Nei de 1-1 by it skoft kaam Twente op foarsprong. Samir Fazli en Lazaro bûgden dy stân om nei 3-2. Krekt foar de ein fan in aardige wedstriid foel de lykmakker.

Jong Hearrenfean/Emmen bliuwt sânde mei 32 punten út 22 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)