Lyk spul Jong Hearrenfean

08 mrt 2010 - 21:28
  • De Jong Hearrenfean/Emmen seleksje

Jong Hearrenfean/Emmen hat moandei by Jong AZ in 2-2 lyk spul helle. Yn in aardige earste helte foelen gjin doelpunten. Samir Fazli sette de Frysk-Drintse kombinaasjeploech yn de 48ste minút op foarsprong. Jonathas makke in kertier letter de 1-1.

Paulo Henrique like yn de 84ste minút wer ris foar in oerwinning foar it belofteteam fan trainer Johnny Jansen te soargjen. Krekt foar de ein makke Gill Swerts dochs noch de 2-2. Jong H'fean bliuwt tsiende mei 25 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)