Lyk spul Jong Hearrenfean

04 mrt 2010 - 22:36

Jong Hearrenfean/Emmen hat mei 2-2 lyk spile tsjin Jong Vitesse/AGOVV. Yn de earste helte hie de Frysk-Drintse kombinaasjeploech it dreech. Thúsklup Vitesse/AGOVV kaam dan ek terjochte op foarsprong.

Yn de twadde helte wie de ploech fan Johnny Jansen better op dreef. Twa A-junioaren, Robin Eriksson en Menno van Elsas, soargen foar de 1-2 tuskenstân. De einstân waard 2-2. By Jong Hearrenfean krige Lazaro in reade kaart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)