Lyk spul Hearrenfean yn Breda

26 nov 2011 - 20:43
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

SC Hearrenfean hat foar de sânde kear in lyk spul helle en foar de alfde kear op rige net ferlern. Yn Breda tsjin NAC waard it 2-2. Beide ploegen fermakken it publyk. Bas Dost iepene de skoare, mar syn doelpunt waard troch skiedsrjochter Van Sichem ôfkard. Spitich, want it wie gjin bûtenspul. Filip Djuricic sette de Feansters nei in healoere wol, hiel moai, op foarsprong, Lurling makke de 1-1. Ramon Zomer sette mei in eigen doelpunt yn de ekstra tiid fan de earste helte NAC op 2-1. Yn de 61e minút skeat Daryl Janmaat de 2-2 tsjin de touwen. Beide ploegen gongen dêrnei noch fol foar de winst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)