Lyk spul froulju Hearrenfean, winst froulju Drachtster Boys

16 okt 2015 - 23:13
  • In fuotbal

De froulju fan SC Hearrenfean ha yn de fjildkompetysje yn de earedivyzje ien punt oerholden oan de wedstriid tsjin ADO Den Haag. Op sportpark Skoatterwâld waard it 1-1. It Feanster doelpunt wie fan Nathalie van den Heuvel.

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys wûnen yn Heerhogowaard mei 2-1 fan koprinner Reiger Boys. De Drachtster doelpuntemakkers wiene Jessie Prijs en Shannon Viet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)