Lyk PM-kanaal fermiste Jouster

15 jul 2009 - 12:03
  • Robert Zondervan doe´t er yn 2000 fermist waard

It lichem dat tiisdei fûn waard yn it Prinses Margriet Kanaal by Terherne is fan in man dy´t al njoggen jier fermist waard. De auto dy´t baggelers dêrby opfisken, is ek fan de man. It giet om de 39-jierrige Robert_Zondervan fan De_Jouwer. Hy is fermist sûnt maaie 2000.

Op in tiisdeitejûn soe Zondervan mei de auto nei syn saak yn Snits, mar hy kaam net wer werom. De plysje giet derfan út dat de man himsels tekoart dien hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)