Lyk fûn yn PM-kanaal Terherne

14 jul 2009 - 20:19

By baggerwurk is tiisdeitemiddei in lyk boppe wetter kaam. It lyk is fûn yn it Prinses Margrietkanaal tusken Aldskou en Terherne.

Der waard ek in auto yn it wetter fûn. It is noch net dúdlik oft it lichem wat mei de auto te krijen hat.Ek is net dúdlik oft it lichem fan in man of frou is. Op dit stuit docht de plysje forensysk ûndersyk op it lichem. Woansdei giet it ûndersyk fierder. De plysje hâldt mei alle mooglike deadsoarsaken rekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)