Lyk is fan fermiste Ljouwerter

27 jan 2010 - 15:45

It stoflik omskot dat tiisdei by Garyp fûn is, is fan de fermiste Gerard Bootsma út Ljouwert. Hy waard begjin jannewaris foar it lêst sjoen.

De 66-jierrige man wie fuortrûn út in fersoargingshûs oan de J.H. Knoopstrjitte. Hy wie demint en koe net goed prate. Syn lichem waard fûn yn in sleat by de Stukenwei. Dat is de dyk by de Wâldwei tusken Garyp en Warten. Gebitsûndersyk hat útwiisd dat it giet om de fermiste man. De plysje slút in misdriuw út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)