Lutz Jacobi stelt fragen oer it Frysk by de Belestingtsjinst

29 mrt 2016 - 10:56
  • PvdA-keamerlid Lutz Jacobi

PvdA-keamerlid Lutz Jacobi wol fan de minister fan binnenlânske saken en de steatssekretaris fan finânsjes witte oft it wier is dat der by de Belestingtsjinst gjin Frysk praten wurde mei yn telefoanpetearen mei Fryske belestingbetellers. Dizze kwestje spile de lêste wiken wer in oantal kearen.

Jacobi wol ek witte oft Friezen eventuele beswieren yn it Frysk dwaan meie. Boppedat freget se har ôf oft de minister en steatssekretaris ek fine dat der te min stjoering is by de útfiering fan de wet dy't it brûken fan it Frysk regelet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)