Lutz Jacobi: "Plan kustbebouwing kin wer fan tafel"

21 jan 2016 - 12:22

Plannen fan minister Schultz fan Ynfrastruktuer en Miljeu om bebouwing oan de kust ta te stean, gean fan tafel. Dat hat de minister tongersdei bekendmakke. In mearderheid yn de Twadde Keamer stipet in moasje fan PvdA-keamerlid Lutz Jacobi. Sy fynt it in min plan dêr't je nea oan begjinne moatte.

Jacobi is benaud dat as je it plan trochsette, de kust sa fol stiet mei grutte gebouwen. Minister Schultz stelt dat dat tafalle sil. Neffens har moat it skrassen fan it ferbod op bouwen by de kust it mooglik meitsje om bygelyks strântinten ek yn de winter stean te litten.

It plan smiet fuort in soad ferset op. In petysje op ynternet fan guon natuerferieningen waard al gau troch hast 100.000 minsken ûndertekene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)