Lutz Jacobi lulk oer Sionsberg

14 sep 2012 - 11:26
  • De Sionsberg

Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan de PvdA fielt har 'flink bedondere' troch soarchfersekerder De Friesland en de ynspeksje fan de sûnenssoarch. Dy hawwe de bertesoarch yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum net sletten fanwege in gebrek oan kwaliteit, mar om finansjele redenen, sa docht bliken út ûnôfhinklik ûndersyk.

De Friesland en de ynspeksje hiene wol hieltyd sein dat de sluting te krijen hie mei de kwaliteit fan de bertesoarch. Jacobi wol dêrom takom wike op 'e nij in debat yn de Twadde Keamer oanfreegje oer de Sionsberg.

Jacobi wol sa besykje om te berikken dat yn Dokkum 'foarmen fan akute -en bernesoarch oerein bliuwe'. Bestjoerder Diana Monissen fan soarchfersekerder De Friesland kin har net fine yn de útkomst fan it rapport dat ûndersiker Bon makke hat yn opdracht fan de gemeente Dongeradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)