Lutz Jacobi kandidaat PvdA

28 feb 2012 - 12:01

Lutz Jacobi fan Wergea stelt har kandidaat as fraksjefoarsitter fan de Partij van de Arbeid. Jacobi hat niiskrekt flak foar de deadline de hûndert hantekens ynlevere, dy't nedich binne om har kandidatuer offisjeel te meitsjen. Jacobi is de fyfde kandidaat. Earder waard bekend dat Diederik Samsom, Ronald Plasterk, Nebahat Albayrak en Martijn van Dam harren kandidaat steld hiene.

Lutz Jacobi is lid fan de PvdA sûnt 1985 en sûnt 2006 lid fan de Twadde Keamer foar de PvdA. Dêrfoar wie se direkteur fan GGD Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)