Lutz Jacobi: Gjin útwreiding kustbebouwing

07 jan 2016 - 22:44
  • De dunen by Hoarne

De PvdA yn de Twadde Keamer hat noed oer it beslút fan it kabinet om mear bebouwing ta te stean by de Nederlânske kust. Keamerlid Lutz Jacobi hat de kwestje tongersdeitejûn mei fragen oan de minister, omtinken jûn.

Dit die se yn oparbeidzjen mei partijgenoate Yasemin Cegerek. Heal desimber hat it kabinet besletten om de regels foar kustbebouwing oan te passen. Neffens Jacobi binne de Nederlânske dunen in natuerlike seekearing en wetterberging dêr't je net yn bouwe moatte. Dêrnjonken soe it neffens har ek gjin gesicht wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)