Lutz Jacobi gjin PvdA-lieder

16 mrt 2012 - 16:03

Lutz Jacobi wurdt gjin lieder fan ‘e PvdA. Diederik Samsom sil de funksje útoefenje. Dat waard freedtemiddei bekend by de stimming yn de Rode Hoed yn Amsterdam. Mei-elkoar wiene der fiif kandidaten. Njonken Jacobi wiene dat Diederik Samsom, Ronald Plasterk, Nebahat Albayrak en Martijn van Dam. Samsom helle 54 prosint fan de stimmen. Lutz Jacobi hie mei 2,3 prosint de minste stimmen.

De lêste wiken hawwe de leden fan de partij stimme kind op de opfolger fan Job Cohen. Hy stapte op, omdat er himsels net effektyf genôch fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)