Lutz Jacobi beslút pas yn oktober oer listlûkerskip

17 feb 2016 - 15:53
  • Lutz Jacobi op in 1 maaiefiering op It Hearrrenfean

Lutz Jacobi beslút pas oer in healjier oft se har kandidaat stelt foar it listlûkerskip fan de Partij van de Arbeid. Dan wurdt yn de partij stimd oer in nije listlûker. Nei de krityk yn de PvdA op listlûker Diederik Samsom sei Jacobi ôfrûne sneon by Omrop Fryslân dat se deroer neitinkt harsels ek kandidaat te stellen foar it listlûkerskip, as der gjin geskikte kandidaten binne.

RTL-ferslachjouwer Frits Wester sei woansdei dat Jacobi de earste tsjinkandidaat is dy't him melden hat. Mar Jacobi nimt pas yn oktober in beslút, seit se sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)