Lútsen Nijboer traint Harekiten

16 des 2003 - 00:00

Lútsen Nijboer fan Lippenhuzen is de nije trainer fan de Harkemase Boys. De 46-jierrige hat in kontrakt foar in jier krigen by de sneonshaadklasser. Earder wie er trainer by MSC, Drachten, HZVV en Sportklub Joure. Sels hat er fuotballe foar BVO Hearrenfean en de Drachtster Boys.

Nijboer folget Sjoerd Jan Eppinga op, dy't ophâldt om't er it net mear kombinearje kin mei syn wurk en gesin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)