Lustrumslokje Bernlef bottele

17 okt 2014 - 16:43
  • Studinteferiening Bernlef bottele har eigen lustrumslokje
  • Fansels moast it slokje ek efkes preaun wurde

Spesjaal foar it 18e lustrumjier fan studinteferiening Bernlef is der in sitroenlikeur ûntwikkele. It lustrumslokje hat de namme 'Gouden Tiid' krigen en is bottele yn gearwurking mei de Snitser bearenburchdistillearderij Widdo Joustra. Sjonger Piter Wilkens hie de ear om de earste flesse te botteljen.

Fjirtich studinten kamen freed út Grins nei Snits om dêr mei te wurkjen oan it slokje. Mei-inoar wurde der 480 flessen 'Gouden Tiid' makke. De likeur sil kommend jier eksklusyf te krijen wêze by Bernlef op sosjéteit 'De Pizel'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)