Lusanne is wer terjochte

27 aug 2003 - 00:00

De alvejierrige Lusanne van der Gun dy't sûnt moandei fermist waard, is wer terjochte. Woansdeitejûn om acht oere melde it famke har by de baly fan in hotel yn Venlo. De meiwurkers herkenden har fan foto's en warskôgen de plysje. Lusanne is woansdeitejûn nei har âlden brocht.

De plysje hat tillefoanysk kontakt hân mei de ûntfierder. Dêr wurde gjin fierdere útspraken oer dien yn it belang fan it ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)