Lusanne nije wike nei skoalle ta

30 aug 2003 - 00:00

Lusanne van der Gun sil nije wike wer nei skoalle ta. Dat hat har mem tsjin de direkteur fan basisskoalle De Tjongeling sein. It alve-jieriige famke út Aldeberkeap hat al mear as 1000 kaarten krigen fan minsken dy't bliid binne dat se wer thús is.

De dieder of dieders binne noch hieltyd spoarleas. De plysje docht gjin meidielings oer de achtergrûn fan de ûntfiering. Ut medysk ûndersyk docht bliken dat Lusanne net misbrûkt is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)