Lusanne net tafallige kar

09 sep 2003 - 00:00

Lusanne van der Gun wie net in tafallich slachtoffer, sa hat de 63- jierrige fertochte oan justysje bekend. Hy hat bewust foar Lusanne keazen om't er tocht dat de famylje Van der Gun in soad jild hie.

De frou fan de fertochte is ferbjustere troch de died fan har man. Sy hat nea in fermoeden hân dat har 63-jierrige man de ûntfiering op tou set hat. Dat seit dûmny Hofstra dy't in oprop die oan it doarp de frou goed op te fangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)