'Lusanne hat yn Susteren sliept'

08 sep 2003 - 00:00

Lusanne van der Gun soe sliept ha yn in garaazje yn Susteren yn Limburch. Dêr soe de 63-jierrige Ryptsjerkster dy't fertocht wurdt fan de ûntfiering har fêsthâlden hawwe. Ek soe er der sels in nacht trochbrocht ha. Dat skriuwt it Limburgs Dagblad moandei. Justysje wol it nijs net befêstigje.

De garaazje heart by in kafee en de eigner is kunde fan de Ryptsjerkster. De fertochte wurdt moandei foarlaat oan de rjochter-kommissaris yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)