Lusanne easket 5000 euro

26 feb 2004 - 00:00

Lusanne van der Gun easket 5000 euro skeafergoeding fan har ûntfierder. It famke is sûnt har ûntfiering ûnder behanneling by in bernepsychologe en krijt kreative terapy. Har âlden binne bang foar traumatyske gefolgen. Ek sy easkje 5000 euro fan de fertochte. Dy sei de foarderingen terjochte te finen.

Lusanne doart jûns net allinnich op bêd en hat lêst fan nachtmerjes. De âlders hawwe ek soargen oer de bekendheid fan Lusanne as 'het ontvoerde meisje'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)