Lurling tekenet by SC H'fean

27 jan 2014 - 16:19
  • Lurling by syn presintaasje by SC Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean hat de nije oanwinst Anthony Lurling moandei om fiif oere presintearre. Lurling is medysk keurd en ek de lêste ploaien oer syn nije kontrakt binne glêdstrutsen. De 36-jierrige spits komt foar in healjier oer fan NAC Breda, dêr't er nei in skeel mei de trainer op in sydspoar rekke.

Anthony Lurling spile ek fan 1999 oant 2002 foar Sportklup Hearrenfean. Lurling makke yn syn earste perioade 36 goals foar de Feansters.

Lurling en SC Hearrenfean hawwe ôfpraat dat se oan de ein fan it seizoen prate sille oer in mooglik kontrakt foar it kommende seizoen. Lurling wurdt yn april 37 jier en besjocht dêrom fan jier op jier oft er syn karriêre noch ferlinge kin. Lurling hat neffens eigen sizzen 'in goed gefoel' oer it weromkommen by SC Hearrenfean. Lurling sil fuotbalje mei nûmer 18. Hy is net wis fan in basisplak, mar sil dat troch goeie prestaasjes ôftwinge moatte. Lurling hat dêr neffens eigen sizzen gjin muoite mei. Lurling tinkt dat hy fan wearde wêze kin foar SC Hearrenfean. Hy fergeliket syn mooglike rol mei de rol fan oare wat âldere fuotballers as Sibon en Huizing yn it ferline. Lurling hat oant no ta 99 wedstriden foar Hearrenfean spile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)