Luppes wint Omgong fan Burgum

23 mrt 2003 - 00:00

Hurdfytser Marcel Luppes hat sneon de Omgong fan Burgum wûn, oer in ôfstân fan 120 kilometer. De profrenner út Hoogeveen fersloech yn 'e lêste omgong fan 10 kilometer syn direkte konkurrinten Marcel Alma en Timo Haakman.

Germ van der Burg út Folsgeare en Siert Steigenga út Eksmoarre sieten by de achterfolgers. Mar sy koene net by de direkte kopgroep komme en foarmen dus gjin gefaar foar de koprinners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)