Lunsj mei âld-fersetsstriders

05 maaie 2009 - 14:49
  • De lunsj mei de âld-fersetsstriders
  • Lekkere broadsjes...

Yn Snits waarden tiisdei yn it ramt fan befrijingsdei âld-fersetsstriders yn it sintsje set. Boargemaster Brok hjitte de âld-fersetsstriders op it stedhûs wolkom. Dizze âlderen ha allegear in bydrage levere oan de befrijing fan Snits.

By in lunsj waarden âlde ferhalen oer de oarlochstiid ophelle. Ek it hiele kolleezje fan Snits iet mei. De lunsj waard alwer foar de fyfde kear organisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)