Lunch mei Wâldgerjochten

26 maaie 2014 - 14:23
  • Johan Dekkinga makke it bêste lunchgerjocht fan Wâlditen

Kok Johan Dekkinga fan Kafee Thús yn it Fries Museum hat it bêste lunchgerjocht makke mei yngrediïnten út de Fryske Wâlden. Dat is moandeitemiddei bekend makke yn restaurant Kwartier Noord yn Ketlik.

De wedstriid wa't it bêste lunchgerjocht meitsje koe, wie in inisjatyf fan de stifting Toeristysk Netwurk Fryske Wâlden en stifting Wâldpyk. Mei it gerjocht wolle se de Fryske Wâlden op de kaart sette. De list mei yngrediïnten wurdt nei bûten brocht, sadat oare restaurants en minsken thús it ek meitsje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)