Lulkens oer wynmûnebelied

30 nov 2012 - 14:29

De Fryske natuer- en miljeuorganisaasjes binne lulk op de provinsje oer hoe't dy omgiet mei wynenerzjy. Benammen de oankundiging fan deputearre Konst dat 525 megawatt wynenerzjy it provinsjaal stribjen is, yn stee fan de ôfsprutsen 400 watt neamt de Friese Milieu Federatie "ûnder de maat".

Der wurdt wiisd op it brede ferset tsjin de plannen foar wynmûnen, sawol ûnder ynwenners, as organisaasjes en gemeenten. De natuerorganisaasjes fine in breed draachflak yn de provinsje wichtich. Der soe eins in topkonferinsje komme moatte, fine se. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)