Lulkens oer heal ôfboude wyk

14 mrt 2013 - 20:50

Bewenners fan de nijbouwyk Vierstromenland yn Surhústerfean lûke foar de safolste kear oan de belle by de gemeente. Nei seis jier is de wyk noch hieltyd net klear. De needbestrjitting leit der noch, der is kwalik strjitferljochting en de strjitten lizze geregeld fol mei bulten modder en stiennen. Mei reinwetter of snie kinne de bewenners kwalik fan harren oprit ôfkomme, omdat de ôfwettering min is.

Projektûntwikkeler Megahome út Almelo is ferantwurdlik foar de wyk, mar docht al jierren neat mear, neffens de bewenners.

De gemeente Achtkarspelen kin net safolle, om't dy gjin foech oer de wyk hat salang't it projekt net ôf is. GemeenteBelangen Achtkarspelen freget boargemaster en wethâlders no om aksje te ûndernimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)