Lulkens oer fytspaad N'wâlde

18 feb 2010 - 13:59
  • Oer it eardere fytspaad mei net mear fytst wurde

Der is ûnbegrip en lulkens yn Noardwâlde-Súd oer it feroarjen fan it fytspaad yn in rinpaad. It giet om it fytspaad by de provinsjale wei nei Wilhelminaoard. Neffens de gemeente soe it fytspaad sûnt it werynrjochtsjen fan 'e dyk te smel wêze. Der ha ek al falpartijen west fan fytsers dy't inoar rekken.

It bestjoer fan pleatslik belang is it net iens mei de gong fan saken. Pleatslik belang wol it fytspaad hâlde en dêr ek aksje foar fiere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)