Lulke klanten thússoarch

20 mrt 2007 - 13:41
  • It logo fan Interzorg

Klanten fan de kristlike organisaasje Interzorg komme yn aksje. Se binne lulk omdat de gemeenten yn Noard-East- Fryslân mooglik gjin kristlike thússoarch mear biede. Dat komt omdat Interzorg bûten de boat fallen is by de oanbesteging fan de soarch yn dy gemeenten.

In soad klanten hawwe brieven stjoerd en de pasjinteferiening Fryslân is ek net bliid. Direkteur de Jong fan Interzorg tinkt dat it wol goed komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)