Lulk oer ôfblazen bou hierhús

21 nov 2011 - 13:05

Yn Easterlittens is in soad lulkens oer it ôfblazen fan de bou fan fiif hierwenten yn it doarp. Wenningboukorporaasje Elkien lit sân hierwenten slope en soe dêrfoar yn it plak fiif nijen bouwe. Freed makke Elkien lykwols bekend dat de plannen net trochgean. Troch de krimp en de ekonomyske krisis soe dat net helber wêze. Foar de bewenners fan dy sloopwenten is dat in grutte skok.

Guon bewenners soene tydlik nei in oar plak ferhúzje om dêrnei werom te kommen yn de nije wenten. Dat kin no net mear. Elkien fynt de sitewaasje spitich, mar seit gjin oare kar te hawwen. Wol tinkt it nei oer de it bouwen fan sosjale keapwenningen yn Easterlittens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)