Lúkseprobleem Van Basten

24 okt 2013 - 16:03

SC Hearrenfean trainer Marco van Basten hat foar de útwedstriid freed tsjin N.E.C. in lúkseprobleem. De folsleine seleksje is fit. Dat betsjut dat Van Basten bynammen op it middenfjild wer in grutte kar hat út spilers. De Hearrenfean trainer woe tongersdeitemiddei de opstelling noch net priis jaan. Ferline wike begûn Eikrem op de bank, mar Van Basten woe net sizze oft dat freed ek it gefal is. De tsjinstanner fan SC Hearrenfean is de iennige ploech yn de earedivyzje dy't noch gjin wedstriid wûn hat. N.E.C stiet mei 5 punten ûnderoan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)