Lúksemboarger te hurd op A32

22 apr 2009 - 13:50

Op de A32 by Wolvegea hat de plysje tiisdeitejûn in 35-jierrige automobilist út Lúksemboarch oanhâlden. De man passearde in snelheidskontrôle mei in snelheid fan 197 kilometer yn 'e oere.

Op dat plak jildt in maksimum fan 120. Yn oerlis mei de offisier fan justysje waard it boetebedrach op 570 euro bepaald. Neidat de man dit betelle hie, mocht hy wer fierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)