Lúkse tinte moat toerist lûke

08 aug 2011 - 21:30

Kemping Lân en Mar yn Heech krijt as earste lytse kemping fan Fryslân saneamde glampingtinten. Dat binne lúkse akkomodaasjes dy't it midden hâlde tusken tinten en húskes. De glampingtinten fan Lân en Mar binne saneamde Lake Cabins, spesjaal ynrjochte foar wettersporters.

Lân en Mar hopet op de komst fan in nij publyk. Tocht wurdt oan minsken dy't eins net fan kampearjen hâlde, mar wol mei wolle mei in groep dy't al graach yn in tinte sliepe wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)