Lúkse fakânsjepark Lauwersmar

16 feb 2005 - 11:08

By Kollumeroard yn it Lauwersmargebiet komme 175 lúkse fakânsjehuzen. De filla's komme op romme kavels. De totale kosten binne 20 miljoen euro. It park leit yn 'e gemeente Kollumerlân. De projektûntwikkelder hie de grûn al jierren ferlyn kocht. No't fakânsjehuzen wer wat better ferkeapje, is it tiid om te bouwen.

Keapers hawwe harren al oppenearre. De skeppe giet moandei de grûn yn. Oer fiif jier moat it park klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)