Luie Hond stipet bisteopfang

23 okt 2001 - 00:00

De Ljouwerter reggaeband Luie Hond hâldt op 1 novimber in releaseparty yn Teater Romein yn Ljouwert. Dat bart ta gelegenheid fan it útkommen fan de debútsingle 'Jaloezie'. Fan de yntree giet der in ryksdaalder nei bisteopfang De Wissel yn Ljouwert. Luie Hond en platelabel BMG ferdûbelje dat bedrach.

De Wissel brûkt de opbringst foar in nij hûneferbliuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)