Luie Hond spilet op Lowlands

16 maaie 2006 - 10:15

De Fryske band Luie Hond sil yn augustus optrede op it Lowlands yn Flevolân. De organisaasje fan it festival kaam moandei nei bûten mei it programma. Dat liicht der net om, want njonken Luie Hond binne der optredens fan ûnder oare Anouk, Muse, Arctic Monkeys en Urban Dance Squad.

Leden en management fan Luie Hond binne út de skroeven oer de útnoeging. De Ljouwerter band sil har nije cd no op Lowlands presintearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)