Luie Hond: nij album en Lowlands

16 aug 2006 - 17:24

It nije album fan de Ljouwerter band Luie Hond komt no freed út. Boppedat spilet de band kommend wykein op it Lowlands-festival dêr't goed 60.000 minsken op ôfkomme. Al mei al in spannende tiid foar de bandleden.

It nije album hjit Met Liefde. De earste single is Poes in de Playboy. Dat nûmer is makke mei de rappers fan de groep De Jeugd van Tegenwoordig, dy't ek op Lowlands optrede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)